Eks-fertochte yn saak-Eker fermoarde

18 okt 2015 - 16:09

De man, dy't mei de lieder fan motorklup No Surrender ôfrûne wike dea fûn is yn in fakânsjehúske op de Hooge Zwaluwe, soe de Masedoaniër Muljaim Nadzak wêze.

Nadzak stie earder foar de rjochter foar de moard op Henk Eker út Easterwâlde. Dy waard begjin 2013 swier ferwûne oantroffen yn in tún yn Easterwâlde. Hy wie swier mishannele en delsketten mei twa kûgels. Nadzak waard fertocht fan de moard dy't om drugs gean soe. Hy hat dat altyd ûntkend en sei dat syn hantlanger it dien hie. Hy waard frijsprutsen fanwege it ûntbrekken fan bewiis.

Nadzak waard ôfrûne woansdei mei Brian Dalfour swier tateakele en deasketten oantroffen yn it fakânsjehúske yn Noard-Brabân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)