Snits Wyt Swart wint fan hikkesluter HBS

18 okt 2015 - 15:53

Snits Wyt Swart pakte snein de tredde seizoensoerwinning troch mei 3-0 te winnen fan hikkesluter HBS. Op eigen fjild tekene Daniël Zwart yn de 20e minút foar de Snitser iepeningstreffer. De ploech fan trainer Berry Zandink wist de foarsprong fêst te hâlden oant de tee.

Nei rêst ferromme Erolind Derguti de marzje yn de 52e minút, doe't er mei in moai skot de 2-0 op it boerd sette. Mei noch in kertier op de klok soarge Derguti mei syn twadde treffer foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)