Hynders drave sân los by Keale Dunen by Appelskea

18 okt 2015 - 15:42
  • In eardere edysje fan 'Hynders yn Keale Dunen'

By de Keale Dunen by Appelskea ha hûnderten hynders snein frij oan it draven west. Gewoanwei mei dit net yn it bysûndere natuergebiet fanwege de bysûndere briedfûgels en planten.

De útsûndering is makke om't de hynders Steatsboskbehear helpe. Want troch it galoppearjen en draven komt it sân wer los. Dat is goed foar de planten yn it gebiet.

Moandei in wiidweidige reportaazje oer dizze draverij yn Hea!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)