Earste ekskurzjes op Darkskypark op Skylge

18 okt 2015 - 10:37

De earste tochten op it Darkskypark op Skylge kinne meikoarten begjinne. De Boskplaat op it eilân hat it predikaat Darksky krigen omdat it ien fan de meast tsjustere plakken yn Nederlân is.

Kommende woansdei sille de earste ekskurzjes wêze. Mei de boskwachter kinne minsken yn Landrovers oer it strân rjochting de tsjustere Boskplaat. Dêr sille se kuierje en kinne se it tsjuster ûnderfine. De kommende moannen sille alle sneonen sokke ekskurzjes wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)