Winst foar Harkemase Boys

17 okt 2015 - 17:11
  • Keeper Erick Jansema kearde twa strafskoppen

Harkemase Boys wûn sneon mei 4-1 fan 'angstgegner' SVZW. Op De Harkema hiene de gasten út Wierden de bêste start. Yn de 24e minút krige SVZW in strafskop, mar keeper Erick Jansema brocht rêding. It skodde de Harkiten wekker, want yn twa minuten tiid kamen se op 2-0 foarsprong troch goals fan Arton Musliu en Jesse Renken. Ek in twadde penalty fan SVZW waard keard troch Jansema, wêrtroch't de rêststân 2-0 bleau.

Nei rêst makke Robert Stelpstra 3-0. SVZW kaam noch op 3-1, fierder lieten de Boys it net komme. Joram Smit tekene foar de einstân.

It is de fyfde oerwinning foar de Harkiten. Troch de winst komt Harkemase Boys op 15 punten út 6 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)