Snitser slacht rút plysjeauto yn by dwaan fan oanjefte

17 okt 2015 - 14:23

In 19-jierrige Snitser dy't freedtenacht oanjefte dwaan woe om't hy mishannele wie, waard sels oanhâlden nei't hy in rút fan de plysjeauto fernielde. De jonge waard ûnder it dwaan fan de oanjefte sa lilk, dat hy it rút yn sloech. Hy waard fuortendaliks oanhâlden foar fernieling. De plysje koe nei oanlieding fan de oanjefte fan de Snitser wol in 21-jierrige Grinzer oanhâlde foar de mishanneling.

Trefwurden: 
Snits plysje fernielings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)