Jonge nimt auto mei sûnder te freegjen en bedarret yn sleat

17 okt 2015 - 14:13
  • (foto-ympresje)

Yn Rotsterhaule is freedtenacht in 16-jierrige bestjoerder fan in auto yn de sleat oan de Hege Dyk bedarre. In tsjûge brocht de jonge thús. Plysjes dy't mei in ûndersyk begûn wienen, sochten de fertochte thús op. It die bliken dat er sûnder te freegjen de auto fan syn heit pakt hie. Hy hie boppedat dronken. De joyrider is foar de rest fan de nacht ynsletten en hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)