Auto yn Appelskea rydt sûnder sjauffeur

17 okt 2015 - 12:33
  • Selsridende tram WEpod

Yn Appelskea is sneon as proef in selsridende auto te sjen. Yn de 'Easy Mile' binne gjin remmen, gjin stjoer en gjin sjauffeur. Gemeente Eaststellingwerf wol pionierje mei de selsridende auto. De wein kin troch laser en GPS sûnder sjauffeur de dyk op. De wein kin 20 oant 40 kilometer yn de oere ride en der is plak foar seis passazjiers.

Dy kinne mei de auto op en del ride tusken de doarpen, no't der minder iepenbier ferfier is. De gemeente wol yn 2017 mei in pilot begjinne om yn 2018 de selsridende auto yn gebrûk nimme te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)