Omrop TIP: Molkdilemma yn Afrika

17 okt 2015 - 07:36

In Frysk team dat bestiet út in boer, in foarljochter, in feedokter en in lânboukundige bringt in besite oan it Afrikaanske lân Uganda, docht in tal alarmearjende ûntdekkingen. De ieuwenâlde ynlânske feerassen yn Uganda binne kruse mei Holstein-Friese kij om de molkproduksje te ferheegjen, mar de bisten hawwe minder wjerstân. Se binne ekstra gefoelich rekke foar earnstige feesykten lykas de faak deadlike East Coast Fever.

Om net grutte dielen fan harren feebeslach te ferliezen, bespuitsje de Ugandeeske boeren de kij út foarsoarch mei ynsektisiden dêr’t de gearstalling faak net bekend fan is. Dat soarget foar in ekologyske ramp yn de greidegebieten. Bijen, flinters en fûgels dy’t de ynsekten ite, ferdwine. Siik fee kriget antibioatika, dat goedkeap en sûnder resept te krijen is. Mikro-organismen wurde der sadwaande ek hieltyd resistinter tsjin. Saakkundigen foarsizze om 2020 hinne miljoenen deaden yn Afrika en Azië ta gefolch. Ek rint de kwaliteit fan it iten tebek om’t yn de konsumpsjemolke resten fan antibioatika en ynsektisiden sitte.

De dokumintêre 'Molkdilemma yn Afrika' is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Trefwurden: 
Omrop Tip Fryslân DOK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)