Nije farferbining de Slúpfeart iepene by Snits

16 okt 2015 - 16:17
  • Stockfoto

Yn Snits is freed de nije farferbining tusken de Geau en de Wâldfeart iepene. It wetter hat de namme Slúpfeart krigen. De gemeente Súdwest-Fryslân hie in priisfraach útskreaun foar it betinken fan in namme. Dêr kamen 170 reaksjes op, wêrfan twa kear de namme Slúpfeart.

No't de farferbining klear is, giet de gemeente oan de slach mei it beplantsjen fan braaklizzend terrein oan de grutte dyk, njonken it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)