Harnzer fêst as fertochte yn grutte drugssaak

16 okt 2015 - 15:29
  • Drugs

In man út Harns sit op it stuit fêst as fertochte yn in grutte drugssaak, wêrby't yn jannewaris 800 kilo kokaïne ûnderskept waard. De plysje kaam de drugs by tafal yn Den Helder op it spoar, doe't se dêr in auto kontrolearren. Sûnt dy tiid rint it ûndersyk.

In moanne lyn waarden seis minsken oppakt, wêrunder de man út Harns. Tongersdei binne nochris twa manlju oppakt. Seis minsken sitte noch fêst. De rjochtbank fan Rotterdam beslút tiisdei oer it foararrest fan de fertochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)