Twa eilantsjes yn De Gaastmar wurde boppe wetter helle

16 okt 2015 - 14:04

Wetterskip Fryslân hellet yn De Gaastmar by Aldegea twa eilantsjes boppe wetter. It herstel fan de eilantsjes is ûnderdiel fan in grutter projekt by De Gaastmar, wêrby't ek de kaden opknapt wurde en natuerfreonlike wâlskanten oanlein wurde.

De histoaryske eilantsjes binne yn de rin fan de tiid ûnder wetter strûpt. Om de eilantsjes komt no in rige peallen, wêrnei't de eilantsjes mei bagger ophege wurde. Der komme ek oanlisplakken foar boatsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)