Mooglik wer petearen oer nije CAO foar it grutmetaal

16 okt 2015 - 13:40

De ûndernimmersorganisaasje foar de technologyske yndustry, it FME, wol noch hieltyd mei de fakbûnen om tafel om te praten oer in nij CAO yn it grutmetaal. Se reagearje hjirmei op de staking fan sa'n 300 meiwurkers út sektor, freed op It Hearrenfean. De wurknimmers easkje 3 persint leansferheging wylst wurkjouwers mar oant oardel persint gean wolle.

Waard der ôfrûne maitiid troch it FME noch in einbod dellein, no is der neffens wurdfierder Erik Potjer romte foar ûnderhanneling. "Het eindbod van ons is niet in beton gegoten."

De fakbûnen hawwe freedtemoarn oanjûn mei hurdere aksjes te kommen as der net gau in trochbraak komt yn de ûnderhannelings foar it grutmetaal.

Earder wie der al wol in akkoart oer in nije CAO foar it lytsmetaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)