Wetterskip makket lespakket oer wurk oan de diken

16 okt 2015 - 12:54

Wetterskip Fryslân hat foar jongeren in lespakket oer diken ûntwikkele. It pakket is freed offisjeel yn gebrûk naam by de iepening fan de eksposysje oer wetterfeiligens yn it besikerssintrum fan it Woudagemaal op De Lemmer. Learlingen fan basisskoalle De Arke hienen freedtemoarn de primeur.

It wetterskip biedt it 'Kijk op de dijklespakket' fergees oan fia de webside fan it Woudagemaal. Wetterskip Fryslân ferbetteret de kommende jierren 35 kilometer oan wetterkearingen by de kust op De Lemmer en It Amelân del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)