Mear winkeljend publyk yn binnenstêd fan Snits

16 okt 2015 - 12:49

It oantal minsken dat te winkeljen giet yn Snits nimt ta. Sûnt 2012 binne der 15 prosint mear minsken teld. De sifers oer dit jier binne fansels noch net bekend, mar as je nei de Snitswike sjogge, falt op dat der tsien prosint mear besikers teld binne as ferline jier.

De middenstân yn in soad stêden hat lêst fan de tanommen ferkeap middels ynternet wêrtroch it winkeljend publyk it wat ôfwitte lit. Dat leit oars yn Snits. Minsken fan bûten de provinsje witte de stêd ek goed te finen, seit binnenstedsmanager Rudolf Dijkstra.

Fierder is de promoasje fan eveniminten de lêste tiid better op elkoar ôfstimd en wurdt der mei syn allen wurke oan it oplossen fan leechstân yn it sintrum.

Trefwurden: 
Snits binnenstêd winkeljen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)