Kollum: "Boarstfergrutting"

16 okt 2015 - 08:46
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, har lytse poppe, har iPhone en in grut ferskaat oan oare ûnderwerpen.

"Halbe Zijlstra. As jo dêr gjin min sin fan krije, dan kinne jo fêststelle dat jo in rasoptimist binne. Zijlstra, mei syn populistyske praatsjes, nee leagentsjes, oer de rêgen fan kwetsbere minsken. Hy hat in moaie Fryske namme en komt út Easterwâlde mar fierder herken ik net sa folle oprjochts Frysk yn him, sorry dat ik it sis.

Hy fûn it nedich om te sizzen dat:

a: flechtlingen hjir net wolkom binne om gebrûk te meitsjen fan kostbere saken as eachlidkorreksjes, boarstfergruttings of toskrenovaasjes.

En b: dat flechtlingen hielendal mar net wenne moatte oan ús wolfeartsnivo. Dat fan de boarstfergruttings, toskrenovaasjes en eachlidkorreksjes wie in populistysk leagentsje. As soene dizze minsken út Aleppo flechtsje om gruttere boarsten te krijen of harren eagen te liftsjen. Hoe fersinne je it.

Mar goed, dizze yngrepen sitte net yn de basisfersekering en wat dêr wol yn sit, dêr meie flechtlingen oanspraak op meitsje as it nedich is. It wie dus ûnsin, mar goed, hy hie it dochs mar efkes sein. En dat praatsje oer dat wolfeartsnivo, dat flechtlingen dêr net oan wenne meie, dêr waard ik ek wat mislik fan. Want wat binne flechtlingen dan foar boargers neffens Zijlstra? Twadderangsboargers?

Foar ús autochtoanen, mei de goede papierkes alle dagen in brún broadsje mei lekkere tsiis derop, in stikje sûkerbôle op sneins en foar de flechtlingen de âlde bôle dy’t wy net hoege, sûnder tsiis? Wy in iPhone 6, sy allinnich in fêste tillefoan? Wat is dat foar flauwekul.

Ek hat er sein dat der "in run" is op Nederlân en dat bygelyks de wenningmerk dêrtroch folrint. Amechtige flechtlingen soenen foarrang krije foar in sosjale hierwenning en ús wolfeart úteinlik oan it wankeljen bringe.

No wie ik echt lilk.

Want liet ik no op itselde stuit yn de krante lêze dat in minister fan in bepaalde politike partij "een langgekoesterde liberale wens heeft". Nammentlik minder sosjale hierwenningen. En net te sunich. As gefolch fan it belied fan dizze partij, soe it oantal hierwenningen de kommende fiif jier mei 280.000 ôfnimme, mar leafst alve prosint fan it totaal. Kinne jo wol riede hokker partij dizze winsk hat. Júst ja. De VVD. De partij van Halbe Zijlstra. Aha, dus je jouwe de flechtlingen alfêst de skuld fan it resultaat fan je eigen beleid as it aanst dringen is foar in sosjale hierwenning. Knap dien hear.

Nei al dizze stimmingmakkerij fan Schwalbe Zijlstra hie ik wol nocht oan wat fredichs. Wat leafliks. Lit dat no hast by my om de hoeke sitte. In pear kilometer fan ús hûs sit 'Love & Peas'. It is in ytkafeetsje dat no in pear moannen iepen is. Hummus stiet der op it menu, in Arabysk oergerjocht. Oer it resept wurdt faak geheimsinnich dien.

Wat no sa leuk is oan dit kafeetsje: it is fan in Israeliër en in Palestijn. De ien komt út Jeruzalem, dêr ite se hummus, de oare út Tel Aviv, dêr ite se ek hummus. Se hawwe neat mei al dat opdielen fan minsken. Nee, júst net. Gewoan tegearre in kafeetsje begjinne en de bêste hummus fan Nederlân servearje en minsken wolkom hjitte. Fierder foaral hurde grappen meitsje oer it Midden-Easten konflikt, dat is de keunst, sizze se.

Dus dat moatte we dan ek mar oer ús konfliktsiker Halbe Zijlstra dwaan fyn ik. Grapkes meitsje. Dat fersêftet it allegear wat. Dus ik hoopje foar him dat er de fruchten plôket fan ús wolfeart en dat er in prachtige boarstfergrutting krijt."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)