Gemeenteried akkoart mei opfang asylsikers yn Wolvegea

16 okt 2015 - 07:56

In mearderheid fan de gemeenteried fan Weststellingwerf is tongersdeitejûn akkoart gien mei de húsfesting fan tolve asylsikersgesinnen yn Wolvegea. Allinnich de fraksje fan Weststellingwerfs Belang wie tsjin. In moasje fan de fraksje tsjin de húsfesting yn de eardere skoalle Bornego College helle it net.

De gesinnen komme foar fiif jier yn Wolvegea te wenjen. It giet om asylsikers mei in ferbliuwsstatus. De húsfesting kostet 185.000 euro, werfan in part troch it COA betelle wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)