LDODK ferliest oefenduel tsjin Oranje mei romme sifers

16 okt 2015 - 00:54

De kuorballers fan LDODK hawwe de oefenwedstriid tsjin it Nederlânsk team ferlern mei 27-16. Op 'e Gordyk kaam Erwin Zwart foar beide teams yn aksje. Foar in lytse tûzen taskôgers spile Zwart de earste helte yn Oranje en dêr wie hy fjouwer kear trefseker. Marjon Visser skoarde trije kear foar LDODK.
By it skoft stie LDODK mei 15-9 achter. De twadde helte skoarde Erwin Zwart foar LDODK noch ien kear. Tegearre mei Celeste Split fan Oranje waard Zwart topskoarder fan dit oefenduel, dat neffens de bûnscoach kwa nivo fan beide kanten wat ôffoel.

Ein oktober spilet Erwin Zwart mei Oranje op it WK yn België. Op 8 novimber is de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)