Súdwest-Fryslân kiest foar Snits as bestjoerssintrum

15 okt 2015 - 23:41
  • It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits
  • It gemeentehûs fan Drylts

It bestjoerssintrum fan de gemeente Súdwest-Fryslân komt yn Snits. It eardere gemeentehûs fan Drylts sil oer in pear jier, nei de ferbouwing yn Snits, net mear troch de gemeente brûkt wurde. Dat hat de mearderheid fan de gemeenteried tongersdeitejûn besletten.

De ferbou oan de Marktstraat yn Snits giet nei alle gedachten dik 17 miljoen euro kostjen. Mar neffens it kolleezje kin hjirmei 400.000 euro yn it jier besparre wurde op de amtnerskosten en de eksploitaasje.

Wat it eardere gemeentehûs yn Drylts oanbelanget; der is in keaper en der leit in plan foar de bou fan apparteminten yn it kompleks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)