Nije moasje yn Twadde Keamer tsjin gaswinning Skylge

15 okt 2015 - 19:45

De Twadde Keamer besiket op 'e nij om de gaswinning by Skylge te kearen. PvdA, GrienLinks, D66 en de Partij voor de Dieren kamen tongersdei mei in moasje wêryn't se har dêr tsjin útsprekke.

De mearderheid yn de Keamer is tsjin gaswinning by Skylge, mar dochs krigen eardere foarstellen om de boarrings tsjin te hâlden net genôch stipe. Nei de hjerstfakânsje sil de Keamer stimme oer de nije moasje. Heal 2016 nimt minister Kamp in beslút oer de boarrings boppe Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)