Crone hat gjin noed oer demonstraasjes tsjin flechtlingen

15 okt 2015 - 19:12
  • In eardere demonstraasje tsjin de komst fan de flechtlingen yn Ljouwert

Boargemaster Crone fan Ljouwert makket him gjin soargen oer de demonstraasjes freed by it WTC. Freedtemiddei komme de earste flechtlingen oan yn Ljouwert. Twa demonstraasjes sille plakfine by de hal. Middeis fan minsken dy't de flechtlingen wolkom hjitte wolle en fan seis oere ôf fan minsken dy't tsjin de opfang fan flechtlingen binne, de Eigen Volk Earst demonstraasje.

Boargemaster Crone ropt de dielnimmers wol op it netsjes te hâlden. De plysje sil der op tasjen dat it goed ferrint. Wa't 'm net oan de regels hâldt, wurdt hurd oanpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)