Spoarûndertochgong by Hurdegaryp oanlein

15 okt 2015 - 16:45
  • By Hurdegaryp wurdt in spoarûndertrochgong boud

By Hurdegaryp wurdt kommend wykein de spoarûndertrochgong ynskood. It giet om de trôch dêr't de rails yn komme te lizzen. It projekt is ûnderdiel fan de oanlis fan de Sintrale As. It wurk duorret fan sneon oant en mei moandei, mar it ynskowen sels is nei alle gedachten op sneintemiddei tusken tolven en trijen.

Minsken dy't it leuk fine om te sjen wat der gebeurt, kinne te plak by in spesjaal útsjochpunt. Dat is te berikken fia it terrein fan Hooghiemstra oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp.

It wurk is ek fia in webcam te folgjen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)