Al 30.000 minsken melde har oan foar Alvestêdetocht 2016

15 okt 2015 - 16:18

Johan Berga, betinker fan de Facebookpagina oer de Alvestêdetocht dy't takom jier plakfine moat, is ûnder de yndruk fan alle ynteresse dy't der is foar syn evenemint. Berga lansearre in pagina dêr't er oankundiget dat de Tocht der Tochten op 19 febrewaris hâlden wurdt. Al mear as 30.000 minsken folgje de pagina en hawwe tasein te kommen.

Dizze datum is keazen om't it de jierdei is fan Berga's mem. It is dus gewoan in gokje, jout er ta. Sels is er ploechlieder fan in reedrydploech. Hy hopet dan ek op in kâlde winter en in Alvestêdetocht.

Mocht der 19 febrewaris net in Alvestêdetocht riden wurde kinne, dan tinkt Berga nei oer bygelyks in fytstocht lâns de alve stêden. Der is lykwols hoop op in tocht. Waarsaakkundigen foarsizze nammentlik dat de winter fan 2016 wolris ien fan de strangste winters sûnt jierren wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)