Heger berop fan himpkweker Doede de Jong út Appelskea

15 okt 2015 - 15:19

Foar it Ljouwerter gerjochtshôf tsjinnet tongersdeitemiddei de saak fan himpkweker Doede de Jong (66) fan Appelskea. De Jong is earder troch de rjochtbank feroardiele ta twa moanne selstraf op betingst foar it ferbouwen fan kannabis. De Jong fynt dat ûnterjochte.

Hy wurket biologysk en leveret syn klanten in kwaliteitsprodukt, sa seit er. Hy snapt net dat in produkt dat yn Nederlân wol ferkocht wurde mei, net ferboud wurde mei.

Der is in soad belangstelling fan publyk en media foar de saak. Advokaat Tjalling van der Goot fan Doede de Jong hopet op jurisprudinsje. Hy neamt de saak fan De Jong ridlik unyk en strafrjochtlike ferfolging yn dit gefal 'ûnterjochte'.

Van der Goot hopet op in rjochter dy't 'mei de fûst op tafel doart te slaan' om wat te dwaan oan de tsjinstridige regeljouwing yn Nederlân.

De Jong waard earder ek feroardiele ta it beteljen fan in boete fan mear as twa ton. Ek dêrtsjin is er yn heger berop gien, mar dy saak wurdt letter behannele.

It giet De Jong by de saak net om it trochsetten fan syn bedriuw, mar om it prinsipe. It is oan gewoane minsken net út te lizzen dat je straf krije foar it ferbouwen fan in produkt dat wol ferkocht wurde mei.

Hy is sels net fan doel om in nije plantaazje te begjinnen. Heechút in bytsje biologyske weed foar medysk gebrûk, sa sei er flak foar it begjin fan de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)