Iepenbier Ministearje en Sietske H. wolle ferlinging tbs

15 okt 2015 - 14:23

De tbs fan Sietske H. moat mei in jier ferlingd wurde. Dat advys jout de klinyk der't Sietske behannele wurdt. Sy hat sels ek oanjûn graach in ferlinging te wollen. Sietske H. waard yn 2012 feroardield ta trije jier sel mei tbs en twangferpleging, fanwege it ombringen fan har fjouwer poppen.

Se is de ôfrûne jierren behannele en wennet yntusken wer selsstannich. Wol giet se alle dagen nei de klinyk foar behanneling. Meiwurkers dêr stelle al dat it sa goed giet mei har dat se ek sûnder tbs funksjonearje kin.

De kâns op werhelling is neffens ien fan de eksperts lyts. Advokate Barbara Klunder wol graach dat der no al neitocht wurdt oer betingsten foar as de tbs ôfrint. Dêryn moatte dan saken regele wurde as it giet om bygelyks bliuwende behannelings.

It Iepenbier Ministearje kin him fine yn it advys fan ferlinging fan in jier. De útspraak folget oer twa wiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)