Fan Ljouwert nei Grins de hannen yninoar foar flechtlingen

15 okt 2015 - 12:25
  • Flechtlingen

Ut solidariteit mei de flechtlingen moat der op 21 novimber tusken Ljouwert en Grins in minsklike ketting komme . Zorka van Mosel út Grins ropt fia Facebook minsken op om mei te dwaan oan dizze aksje. Der binne neffens har 55.000 minsken nedich en der soene har al 2000 belangstellenden oanmeld ha.

De aksje is ûnderdiel fan it wrâldwide Facebook-evenemint Holdhandsforhumanity. Mei de aksje wol de organisaasje it boadskip ôfjaan dat elkenien rjocht hat op in humanitêr bestean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)