Kwart fan jongeren yn jildproblemen troch djoere oankeapen

15 okt 2015 - 11:52
  • In smartphone mei apps

In kwart fan de jongeren tusken de 12 en 18 jier hat jildproblemen omdat de groepsdruk heech is om der by te hearren. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Nibud. Ek jongeren yn Fryslân hawwe bytiden jildproblemen troch groepsdruk. Jongeren wolle bygelyks perfoarst it djoerste mobyltsje hawwe om't alle freonen dy ek hawwe.

Oars binne se benaud dat se net hip genoch binne om der by te hearren. Mar ek guon âlden wolle graach dat harren bern 'hip' binne. Se liene sels jild om foar harren bern bygelyks de djoerste jas of tas te keapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)