Kaart fûn mei bewiis foar bestean fan âlde stins op It Bilt

15 okt 2015 - 11:25

Amateur-histoarikus Sytze Keizer hat it bewiis. Op de Waadhoeke hat 500 jier lyn in stins stien. Keizer út Aldebiltsyl docht al jierren ûndersyk nei de Biltske skiednis en hat no in âlde kaart fûn fan wat tsjintwurdich de Aldebiltdyk is. Dêrop is te sjen dat op dát plak yn 1545 in stins stien hat.

De stins lei oan in drokke hannelsrûte rjochting Frjentsjer. It stiennen hûs is nei alle gedachten brûkt as ferdigeningswurk. Neffens Keizer is de tsjinnen ''state'' al yn 1350 bout.

De histoarikus fynt dat archeologen, no't dit bekend is, opgravings dwaan moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)