Nije eigener foar de Walrus yn Snits en Ljouwert

15 okt 2015 - 11:12
  • De Walrus Ljouwert

De twa kafee-restaurants fan de Walrus, yn Snits en Ljouwert, krije in nije eigener. Fan takom jier ôf komt de lieding yn hannen fan Johannes Klaversma. Hy nimt de Walrus oer fan Bas Hollenberg en Arjen Rusticus. Klaversma hat fan 2009 oant 2012 al bedriuwslieder west yn de Walrus yn Ljouwert. Ek hat er meiholpen mei de ûntwikkeling fan de formule fan beide hoarekagelegenheden.

Hollenberg en Rusticus fine it nei 18 jier tiid foar wat oars. Sy bliuwe takom jier noch wol oan it wurk yn de Walrus, om alle saken goed oer te dragen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)