LTO wol gjin sinneparken op lânbougrûn Weststellingwerf

15 okt 2015 - 10:36

LTO yn Weststellingwerf makket beswier tsjin de plannen fan de gemeente om by Wolvegea en Noardwâlde twa sinneparken oan te lizzen. Neffens LTO giet it om lânbougrûn en soene dêr gjin sinnepanielen op delsette wurde moatte. De panielen soene better op dakken fan lânboubedriuwen passe.

It stekt LTO dat de gemeente yn it foar net mei de lânbou-organisaasje oerlein hat. De gemeente is eigener fan de grûn en siket in eksploitant foar de parken, dy't beide sa'n twa fuotbalfjilden grut binne.

Neffens de gemeente foldogge de beide lokaasjes oan de regels om in sinnepark oan te lizzen. De gemeenteried is al akkoart mei de oanlis fan de parken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)