Leechsteande huzen yn Holwert wurde omboud ta lytse hotels

15 okt 2015 - 07:30

Ynwenners fan Holwert hawwe woansdeitejûn de plannen presintearre krigen foar takomstige oernachtingsmooglikheden foar toeristen. Bedoeling is dat leechsteande huzen yn it doarp omboud wurde ta lytse hotels. Dat moat mear toeristen lûke.

De inisjatyfnimmers fan it projekt Holwerd aan Zee binne yn oerlis mei de eigeners fan de huzen, dy't der fertutearze by stean. Der binne tonnen nedich om de wenningen te keapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)