"Der moat mear ûndersyk nei harsentumors dien wurde"

14 okt 2015 - 22:53

Der moat mear omtinken komme foar ûndersyk nei harsentumors. Dat seit Gerben Wijnja fan Tsjerkwert. Twa jier lyn ferlear hy syn soan Jelmer oan in harsentumor, nei in sykteproses fan acht jier. En dy acht jier hiene in grutte ynfloed op it gesin. Wijnja hat dêr in boek oer skreaun, en dat boek waard woansdei presintearre op it sirkwy fan Zandvoort.

Wijnja hat it boek skreaun op doktersadvys. It soe goed foar him wêze om syn ûnderfinings mei oaren te dielen. Hy hie de ûntwikkelings sekuer byholden yn deiboeken en oare oantekenings.

Hy hie alles yn multomappen oardere en op basis dêrfan koe er foarich jier, in jier nei de dea fan syn soan, it opbringe om it boek te skriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)