De Splitting yn Drachten wurdt werynrjochte

14 okt 2015 - 22:28
  • De Splitting, Drachten

De grutte trochgeande rûte de Splitting yn Drachten sil werynrjochte wurde. Dat hat de gemeente Smellingerlân bekend makke. De strjitte sil twa oerstekplakken krije, wylst fytsers en auto's tenei fan elkoar skieden wurde.

Ek de riolearring wurdt oanpakt. Yn 2016 moat der begûn wurde mei it wurk oan de Splitting. De kosten fan it projekt wurde rûsd op sa'n 4 miljoen euro, de provinsje nimt 2 miljoen euro foar syn rekken, de gemeente betellet de oare helte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)