Frysk kultureel erfguod wurdt wrâldwiid tagonklik

14 okt 2015 - 21:29
  • De earste scan waard makke troch deputearre Sietske Poepjes

Frysk kultureel erfguod wurdt fan woansdei ôf digitalisearre yn de scanstudio fan Tresoar. Dit wurdt dien yn it ramt fan it projekt RedBot. Yn it histoarysk sintrum is in studio ynrjochte dêr't kultureel erfguod lykas literatuer, notariële aktes en printen digitalisearre wurde.

Oant en mei 2018 fungearret de boekbinerij as scanstudio. De kommende seis moannen stean de 'houlikse bylagen' yn de planning. De strekking fan it projekt is om digitaal kultureel Frysk erfguod foar elts, oeral op de wrâld tagonklik te meitsjen.

De earste lânkaarten binne al te besjen fia redbot.frl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)