Fryske sportferienings wolle enerzjysuniger wurde

14 okt 2015 - 21:14

Sport Fryslân set woansdei útein mei it pilotprojekt foar sportklups mei in eigen akkommodaasje. Sportferienings moatte yn de takomst suniger mei enerzjy omgean om't de saneamde ekotaks fuortfalt mei yngong fan 1 jannewaris 2016. Mei it fuortfallen fan de ekotaks is der gjin belestingfoardiel op enerzjykosten mear.

Om de hegere kosten opfange te kinnen, fersoargje Sport Fryslân, seis noardlike gemeenten, de provinsje en Sportstroom, begelieding by it enerzjysuniger meitsjen fan de akkommodaasje.

Sa krije de sportklups ynformaasje oer in nije subsydzjeregeling en oer it ferduorsumjen fan de sportakkommodaasje. Mocht it projekt yn it noarden effekt hawwe, dan wurdt it projekt ek yn oare dielen fan de provinsje tapast.

Oant no ta hawwe 43 sportklups yn de noardlike seis gemeenten har opjûn foar it projekt. Dat is de helte fan alle sportklups dy't Sport Fryslân oanskreaun hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)