Noch gjin útslútsel oer nije gemeentenamme Noardwest-Fryslân

14 okt 2015 - 20:15
  • Der moat in twadde stimming komme foar de nije gemeentenamme
  • Yn totaal 45 persint fan de stimgerjochtigden joech har miening

Der komt in twadde stimming oer de nije namme fan de fúzjegemeente fan fjouwer gemeenten yn Noardwest-Fryslân. It giet om de gemeenten Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel en fjouwer doarpen út Littenseradiel. De bewenners koene kieze út de nammen Franeker, Waadhoeke en Nij-Westergo. Net ien fan dy trije nammen krige in mearderheid fan mear as 50 prosint. Bewenners krije dêrom opnij de kâns om te stimmen op Waadhoeke of Nij-Westergo. 16 desimber wurdt dúdlik hokker namme de foarkar hat.

De opkomst by de nammeferkiezing wie 45,3 %.

De namme Franeker krige 27 prosint fan de stimmen en komt dêrom by de twadde stimming te ferfallen. De namme Waadhoeke krige de measte stimmen mei 39 prosint en Nij-Westergo kaam dêr direkt efter. In oantal Frjentsjerters is teloarsteld dat de namme Franeker net langer yn de race is. Yn novimber kinne de minsken op 'e nij har stim útbringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)