Gemeente De Fryske Marren rjochtet boargerpanel op

14 okt 2015 - 13:59

Ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren kinne tenei harren miening jaan fia in panel. De gemeente wurket oan it ynstellen fan sa'n panel en wol mear as 1000 ynwenners ynteressearje om harren yn te skriuwen as panellid. De minimumleeftiid om diel te nimmen is 16 jier, om't de gemeente ek graach witte wol wat der ûnder de jongeren spilet.

It panel wurket digitaal. De gemeente, de gemeenteried of de ynwenners sels kinne ûnderwerpen yntsjinje. De Fryske Marren wol noch dit jier foar it earst in ûnderwerp foarlizze.

It panel kostet de gemeente alle jierren 10.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)