Biolooch Piersma: "plan ôfsjitten rôfbisten is iensidich"

14 okt 2015 - 13:48
  • Foks

It ferhaal fan foarsitter Rendert Algra fan it BFVW - om sa folle mooglik foksen en oare rôfbisten ôf te sjitten - is fierstente iensidich. Dat seit biolooch en heechlearaar Theunis Piersma fan de Ryksuniversiteit. Dizze wike is by it Bûn Fryske Fûgelwachten in spesjale kommisje oprjochte, dy't oplossingen betinke moat foar it grutte oantal aaien en pykjes dat opfretten wurdt.

Mar allinnich dêrmei binne de greidefûgels net te rêden, tinkt Piersma. Dêrfoar moatte grutte feroaringen komme yn de lânbou.

Boeren sitte no opsletten yn in systeem fan lege prizen, dêrom moat de produksje kontinu omheech. De tsiis en molke wurdt foar in grut part eksportearre en Nederlân bliuwt mei in dongprobleem achter.

As dizze sirkel trochbrutsen wurdt en der keazen wurdt foar minder yntinsive lânbou, komt der automatysk wer mear romte foar greidefûgels, sa is de analyze fan Piersma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)