Tytsjerksteradiel hat ûnderwiis foar heechbegaafden

14 okt 2015 - 12:25

De gemeente Tytsjerksteradiel hat sûnt woansdei ek in plak dêr't heechbegaafde basisskoalbern út groep 7 en 8 ûnderwiis krije. Op it Singelland College yn Burgum geane 12 bern út 'e gemeente alle wiken op woansdeitemoarn oan 'e slach mei bygelyks keunst, taalkunde en filosofy. Dat ûnderwiis wie der yn Tytsjerksteradiel noch net.

Dêrtroch moasten heechbegaafde bern yn Tytsjerksteradiel nei Drachten of Ljouwert. Fan no ôf kinne de bern, dy't útkeazen binne troch de inisjatyfnimmers, de lessen dus yn harren eigen omjouwing folgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)