Friezen bestelle de grutste kondooms en mei smaakjes

14 okt 2015 - 11:26

Yn Fryslân wenje de measte mannen mei in grutten ien. Alteast dat seit de online erotykwinkel Pabo.nl. Se ha ûndersyk dien nei de maten fan kondooms dy't by harren besteld wurde. Acht prosint fan de bestelde kapokjes yn Fryslân binne maat XXL. Noard-Hollân komt der krekt achteroan. Ek binne Friezen gek op smaakjes. Der wurde hjir twa kear safolle kondooms mei in smaakje ferkocht as gemiddeld yn Nederlân.

It bliuwt fansels de fraach oft de Fryske man ek echt grutter is. "Het kan ook zijn dat die mannen vooral een groot ego hebben", sa seit de ferneamde seksuologe Kaat Bollen. "Het vergt nader onderzoek of ze écht groot geschapen zijn, of dat ze gewoon iets te optimistisch waren toen ze condooms bestelden."

Ut it ûndersyk blykt ek dat froulju yn Oerisel de grutste boarsten ha, folge troch Drinte. Fryslân stiet op it tredde plak. Yn dizze provinsjes wurde de measte beha's mei kupmaten D, E en F ferkocht. Yn Seelân is de fraach nei bústehâlders mei de lytste kupmaat A it grutst. Neffens seksuologe Kaat Bollen is de kupmaat fan froulju genetysk bepaald. "Als jij grote borsten hebt, is de kans groot dat andere vrouwen in jouw familie ook grote borsten hebben. Familieleden wonen vaak bij elkaar in de buurt, dus je krijgt al snel dat in bepaalde streken bovengemiddeld veel vrouwen met grote of juist kleine borsten wonen."

Trefwurden: 
kondoom Pabo.nl ûndersyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)