Fryske fotograaf siket optimisme op Lesbos

14 okt 2015 - 10:04

Fotograaf Maarten Boersema fan Blije makket kâns op de SmartPhone Photographer of the Year Award. Hy is ien fan de tsien finalisten. Yn totaal wienen der 400 dielnimmers út hiel Nederlân.

It tema fan de fotowedstryd is optimisme, en Boersema woe dat yn byld bringe op Lesbos, it Grykske eilân dêr't in protte flechtlingen oankomme. "It is ek fan belang om each te hâlden foar wat der bart oan de grinzen fan Europa" seit Boersema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)