Kollum: "Hatzum"

14 okt 2015 - 08:51

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten. Kinne jim him noch? Nee? Tsjonge. Der is ek gjin inkel histoarysk besef mear. No, hy wie de kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Yn 1909 waard hy dat al. It wie doe noch in blau soadsje want Pieter Albert Vincent folge syn heit Berend Philip op. Dy hie dat al west sûnt 1878. Pieter Albert Vincent soe ek noch al efkes sitte bliuwe. It militêr gesach sette him yn 1945 úteinlik ôf. Want hy woe net fuort, mar om't er de hiele oarloch sitte bleaun wie, moast dat wol, want dan doogden jo net.

Mar hy sei dat it taktysk better west hie dat er sitten bleaun wie. Mar dat leauden se net. It meast singeliere wie dat doe’t de Harnzer Trekfeart letter yn 1950 omboud waard ta kanaal, doe’t dat yn 1951 klear wie, it neamd waard nei Pieter Albert Vincent, it waard it Van Harinxmakanaal. Fan Ljouwert nei Harns. Want hy hie foar de oarloch dochs wol syn bêst dien mei wetter.

It plakje Dronryp wie yn dy tiid ek noch al wat ferneamd, wêrom is my net bekend. Mar der waard in brêge by De Ryp oer it Pieter Albert Vincent kanaal dellein, dan koene je moai yn Baaium en Wjelsryp komme. Ien kear yn it jier te merkefieren tink ik. Dy brêge is nei 60 jier wat fertutearze. Je meie der net mear oer as je mear as 30 ton hea yn ien kear nei Baaium tôgje wolle. En as it hurder as 6 waait, kin er net iepen foar de skippen. En dan lizze der dus yn Harns skippen te wachtsjen op lading, dat stil leit foar de Dronrypster brêge.

Deputearre Poepjes wol de skipfeart stypje, want dat fynt se in duorsume wize fan ferfier. Ja. Mar ek in goedkeape wize. Alle getallen yn de ekonomy steane sawat wer op it peil fan foar 2008, it skipsferfier noch lang net, dy farre foar in dûbeltsje. Dat past Poepjes wol. En Ljouwert ek wol, want dy moatte mei dy kontenerhaven noch al wat dy kant út hawwe, dus moatte der eins ek gruttere skippen troch de Dronrypster brêge.

Dy wurdt no aanst folle heger, 5,5 meter, en breder, 17 meter. Dan kinne de 110 meter skippen der goed ûndertroch, sels de triuwfeart oant en mei 185 meter ek. Dat is dy kontenerfeart. Dus Ljouwert hong in bosk blommen om de nekke fan Poepjes. Dy hat yndied de sokken fan Sander de Rouwe útlult, want it kostet 14 miljoen.

Ienfâldiger alternativen wurken net neffens har. No ja, ien alternatyf soene je noch besjen kinne. Brek dy brêge ôf en set in punt. Je hawwe mei de heak in geweldige opromming hân fan it brêgegedoch om Ljouwert hinne. Richard Hageman en Mata Hari liede ús no ûndertroch, de skippen fleane oer de akwadukten hinne. En komme dan foar dat brechje yn Dronryp. Ja, yn Frjentsjer is it ek noch lêstich by de Keningsbrêge, mar dat komt wol. Harns is ek al oan it klauwen.

Mar kinne we dy brêge yn Dronryp dan net kwyt? 14 miljoen. Dêr kinne je wol in pear jier in moai swikje asylsikers foar te plak sette. En as je Halbe Zijlstra de sobere folgje, wol mear as in pear jier. Mar Ljouwert wol dy brêge net ôfbrekke. Ljouwert krijt aanst Wjelsryp en Baaium. En as de brêge fan Dronryp der net mear is, moatte se omride oer Frjentsjer of Boksum.

Dat kinne je dochs dy Ljouwerters, as se der ien kear per jier nei de gearkomste fan Pleatslik Belang moatte, net oandwaan? Ljouwert easke breed, heech en de auto moat der oer kinne. En Ljouwert is baas yn Fryslân.

It is net oars. 14 miljoen. Want we ferjitte fansels wat. En dat is ek histoarje. Ja, we soenen foar dy 14 miljoen dat famke fan Baaium wol nei de skoalle yn De Ryp bringe kinne. Sterker, as we der dan dochs del komme, seit se, set my hjir yn Frjentsjer mar ôf. Mar ik ferjit de saneamde rekreaasjefytsers. Dy’t yn streamen har wei fûn hawwe yn dat skitterjende karakterstike gebiet dêr krekt ûnder Nij-Westergo. En ik ferjit hielendal wêrom as 60 jier lyn dy brêge echt boud is. Witte jim dochs wol? Presys. Foar it kafee fan Hatzum."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)