Gjin treinen tusken Hurdegaryp en Bûtenpost

14 okt 2015 - 07:15

It treinferkear tusken Hurdegaryp en Bûtenpost hat woansdeitemoarn stillein troch in oanriding. Ferfierder Arriva sette bussen yn. Reizgers tusken Ljouwert en Grins moasten rekken hâlde mei fertraging fan mear as in oere. Ek wie de rûte dy't skoalbern gewoanwei fytse tusken Feanwâlden en De Westereen ôfsletten, melde de plysje.

Tsjin healwei alven wie de tsjinstregeling weer normaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)