Nije CAO foar metaalsektor

13 okt 2015 - 21:01

Wurknimmers yn metaaltechnyk hawwe in nije CAO. Fakbûnen en wurkjouwers hawwe dêr tiisdei in akkoart oer berikt. De hast 300.000 metaalmeiwurkers sieten sûnt 1 maart fan dit jier sûnder CAO.

Sy krije in leansferheging fan goed fjouwer prosint en in ienmalige útkearing fan goed in heal prosint. Ek komme der mooglikheden foar in fjouwerdaachse wurkwike mei behâld fan lean en komme der mear opliedingsmooglikheden. De CAO jildt oant 1 maaie 2017.

Woansdeitejûn sprekke de leden harren út of de aksjes yn it lytsmetaal dy't foar freed oankundige wiene, noch trochgeane.

Trefwurden: 
CAO metaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)