Wat wurdt it: Waadhoeke, Franeker of Nij-Westergo?

13 okt 2015 - 19:36
  • Wat wurdt it: Waadhoeke of Nij-Westergo?

Woansdeitejûn wurdt bekend makke hokker namme de nije fúzjegemeente yn Noardwest-Fryslân krije sil. De ôfrûne wiken koene ynwenners fan It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel in kar meitsje út trije nammen: Franeker, Nij-Westergo en Waadhoeke.

Op in spesjale byienkomst fan de weryndielingskommisje yn Sint-Anne sille de boargemasters fan de fúzjegemeenten bekend meitsje oft ien fan de trije nammen mear as 50% fan de stimmen krigen hat. As dat net it gefal is mei men foar in twadde kear stimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)