"De Hel" is meast deprimearjende plak om te wenjen

13 okt 2015 - 19:12

It meast deprimearjende plak om te wenjen is De Hel, flakby It Heidenskip. Sels in rasoptimist wurdt foar pessimist fersliten as er seit dat er dêr wennet. Dat skriuwt HP/De Tijd. It tydskrift hat in list makke mei deprimearjende plaknammen,

Der steane fjouwer Fryske plaknammen yn, neist De Hel (1) binne dat De Lêste Stoer (4) by Bûtenpost, Moddergat (8) oan de Waadsee, en De Lytse Geast (19) flak ûnder Ljouwert. Mar, "die naam heeft niets met de eventuele kleingeestigheid van de inwoners te maken" skriuwt HP/De Tijd.

De folsleine list stiet op de webside fan HP/De Tijd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)