"Koffer fan Mata Hari is dochs net fan Mata Hari"

13 okt 2015 - 16:24

De koffer dy't oan de gemeente Ljouwert jûn is, is net fan Mata Hari. Dat seit saakkundige Gerk Koopmans. Moandei hat meubelgigant Piet Kapenga in koffer oan de gemeente jûn as tank foar de help by syn nije saak. Wethâlder Feitsma wie tige ynnommen mei it kado. Der soe noch ûndersyk dien wurde nei de ôfkomst fan de koffer. It Fries Museum hat in kolleksje fan har besittings. De koffer soe hjiroan taheakke wurde.

Yn 2017, 100 jier nei har dea, komt der in grutte tentoanstelling oer Mata Hari yn it Fries Museum.

Yn dat jier wurde ek de gerjochtsdokuminten oer har dea offisjeel iepenbier. Dan moat úteinlik dúdlik wurde oft se echt in dûbelspionne wie.

Trefwurden: 
koffer Mata Hari Fries Museum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)