Reuze-otters fan Aqua Zoo foar it earst yn it bûtenbad

13 okt 2015 - 15:44

De reuze-otters út Aqua Zoo hawwe sûnt tiisdei in bûtenbad, spesjaal makke foar de twa mantsje otters. De bisten binne al sûnt augustus yn Ljouwert, mar moasten hieltyd binnen bliuwe. De reuze-otters hawwe ek romte nedich, want sy kinne mar leafst twa meter lang wurde.

It ferbliuw is ôfsletten mei wanden fan glês, sadat besikers net te tichtby komme kinne. De bisten binne neffens Aqua Zoo gefaarlik, oars as de lytse otter dy't ek yn Aqua Zoo is. De reuze-otter lûkt in soad oandacht yn de bistetún om't se in heech piipjend lûd meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)