OSF: "Omrop Fryslân past net yn nije mediawet Dekker"

13 okt 2015 - 14:25

Omrop Fryslân past net yn de nije mediawet fan steatssiktaris Sander Dekker. Senator Hendrik ten Hoeve (OSF/FNP) út Stiens hat dat tiisdei sein by de Algemiene skôgings yn de Earste Keamer. Ten Hoeve is fan betinken dat de iennichste omrop yn de twadde rykstaal net opgean moat yn de RPO, de nije lanlike organisaasje foar alle regionale omroppen. Ten Hoeve sjocht mear yn in aparte FPO (Fryske Publike Omrop).

Steatssiktaris Dekker sil meikoarten mei de provinsje Fryslân prate oer de takomst fan de omrop.

Ten Hoeve is senator foar de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF), in gearwurkingsferbân fan regionale politike partijen. Hy naam it dêrom net allinnich op foar Omrop Fryslân, mar ek foar de oare regionale omroppen. Ten Hoeve fynt it in min idee om 17 miljoen euro op de omroppen te besunigjen. Hy is fan betinken dat de regionale sjoernalistyk beskerme wurde moat.

Ten Hoeve kaam ek op de tekst oer de gaswinning yn Grinslân. Dy gaswinning moat op koarte termyn noch folle mear omleech. Ek fynt de OSF dat de boargers yn Grinslân en Drinte mei skea troch de ierdbevings hjir gau in fergoeding foar krije moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)