Bou 'anderhalvelijnssintrum' los yn de Sionsberg

13 okt 2015 - 14:00

Soarchgroep ZuidOostZorg komt yn De Sionsberg yn Dokkum mei in saneamd anderhalvelijnscentrum. De bou dêrfan is moandei útein set. Der komme ferskate saken yn it sintrum, lykas in fysioterapeut, wykferpleechkundigen en in oefenterapeut. Doel dêrfan is dat minsken yn 'e regio sa goed mooglik begelaat wurde by it selsstannich thús wenjen.

Pasjinten fan De Sionsberg hawwe gjin oerlêst fan de ferbouwing, omdat dy yn in sydfleugel fan it gebou is. It is it doel dat it nije sintrum yn De Sionsberg op 1 jannewaris iepen kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)